In lytsskift (Latyn: parvordo) is in taksonomyske rang dy't tusken in ûnderskift en in famylje yn sit. Dit is net ien fan 'e haadrangen fan 'e taksonomy, mar in takson dat brûkt wurdt as helpmiddel foar fierdere yndieling fan ûnderskiften. De Latynske namme komt fan it wurd parvus, dat "lyts" of "ûnbelangryk" betsjut.